Post Tagged ‘zondag’

Kommende sneintemiddei kin eltsenien fan jong oant âld wer gesellich komme tafeltenisjen yn De Tysker. Fan 13.00 oant 16.00 oere kinst foar 2,50 wer even lekker sporte/bewege. It kosset 2,50 euro yn ferbân mei de sealhier, it brúken fan de baltsjes, batsjes en de tafels is fergees 🙂

Ôfrûne snein wie der ek in moai ploegje minsken út it doarp, âlders en bern, dy’t gesellich oan it baljen wiene krekt as froeger yn de Ald Skoalle. Âlde tiden herleve sei Astrid. Doe wiene der fiif tafeltennistafels, no hawwe wy sân tafels dus kinne der noch mear meidwaan.

Hoechst net lid te wêzen fan ús klup MTV’14, eltsenien mei meidwaan. Dus hest sin om op sneintemiddei even gesellich in baltsje te slaan, kom lâns! Kofje, thee, fris en wat lekkers steane klear efter de bar fan De Tysker. Graach oant sjen!

Kommende sneintemiddei is der wer tafeltennis yn De Tysker. Fan 13.00 oant 16.00 kinst foar 2,50 euro per persoan wer even lekker oan de gong, lekker bewege en tuskentroch gesellich sitte oan de stamtafel. Batsjes, baltsjes én tafels steane al klear.

Sawisa sille fjouwer rekreative Easterwierrumers oan de gong en ek in oantal wedstrydtafeltennissers sille dizze snein brûke om harren yn it swit te jeien en har favorite sport te beoefenjen.

Eltsenien mei meidwaan, fan fiif oant pluysminus 95 jier. Wês wolkom, graach oant sjen. De kofje stiet klear!

Eltsenien is kommende sneintemiddei fan 13.00 oant 16.00 oere wer wolkom om te komme tafeltennisje yn De Tysker. De bar is ek wer iepen mei kofje, thee as wat frissigs, de stamtafel stiet klear en batsjes en baltsjes tafels steane ek wer kleasr en opsteld.

Eltsenien fan fiif oant 95 (…..) is foar 2,50 euro per persoan wer wis fan trije oeren lekker bewege/sporte. Mei tiid foar in pauze oan in taffeltsje tuskentroch om by te praten mei oare minsken. Taskôgers binne fergees, dus heiten en memmen en pake’s en beppes fan bern binne ek wolkom.

In noflike aktive sneintemiddei, dat is it doel fan MTV’14. Foar eltsenien fan elts nivo, fan rekreant oant wedstrydspiler. Dêrom hawwe wy ek sân tafeltennistafels, dan kinne der in protte meidwaan!

Foarige wike wiene der bygelyks fiif bern fan ûnder de tsien jier, ek foar bern dogge wy de doarren graach iepen. Ek tafeltennissers fan oare klups binne fansels tige hertlik wolkom. Eltsenien is by ús echt eltsenien. Ek rolstoelers kinne meidwaan, want drompels binne der net yn MFC De Tysker fan Easterwierrum. Oftewol, graach…. oant sjen!

It wie in moai groepke fannemiddei by it fry spyljen yn De Tysker. Fiif bern en acht folwoeksenen út Fryslan en foarhinne Bulgarije wiene lekker sportyf dwaande mei de tafeltennissport.

Fan wedstrydnivo oant begjinners: elts nivo wie der en it gie der gesellich en sportyf oan ta. Foto’s binne der net makke want de ferslachjouwer wie drok mei sels tafeltennisje.

Wol kinne wy sizze dat heechstwarskynlik kommende snein der wer tafeltennisse wurdt fan 13.00 oant 16.00 oere. Hâld ús website en Facebookpagina goed yn de gaten de kommende wike!

Eltsenien fan plusminus 5 oant 95 jier kin sneintemiddei wer meidwaan oan it sneitemiddeitafeltennis yn MFC De Tysker. Der binne no al sawisa twa bern en sân folwoeksenen dy’t snein meidogge, fan alle nivo’s. En fansels meie der altyd noch mear lânskomme. Batsjes en baltsjes lizze klear.

De kosten binne 2,50 per persoan, taskôgers binne fergees en kinne foar 50 cent in lekker bakje kofje as thee derby krije. In noflike sneitemiddei hawwe foar jong en âld is de bedoeling, fan 13.00 oant 16.00 oere.

NK Tafeltennis Finale op I-pad
Foar de leafhawwers: op de stamtafel sil in I-pad stean mei live ferbining mei it NK Tafeltennis yn Zwolle, want sneintemiddei 3 maart binne dêr de finales fan. Dan hoecht gjinien wat te misse fan syn/har favorite sport. Moai no? Noflike dei en….. oant sjen!

Tafeltennisaksje yn MFC De Tysker yn Easterwierrum. Hjir steane fjouwer tafels, mar wy hawwe der sân, oftewol romte en tafels genôch 🙂

Jawis, fansels, it giet oan, it sil wêze, wy geane wer los: snein is der wer sneintemiddeitafeltennis, fan 13.00 oant 16.00 oere yn MFC De Tysker. Eltsenien is wolkom, fan rekreant oant kompetysjespiler. De bar is ek iepen, foar in bakje kofje of wat oars, batsjes en baltsjes lizze ek wer klear.

Foar 2,50 euro per persoan kinst wer meidwaan. Eltsenien fan pak’m beet fiif jier oant 95 is fan herte wolkom! Sikest in moaie sneintemiddeibesteding, foar dysels, dyn gesin, freonen of famylje: kom lâns!

Wy hawwe sân tafels, dus plak genôch om lekker te balje. En oan de stamtafel kinst even noflik bykomme, byprate en relaxe. Sjen is fergees, taskôgers (pakes en beppes, heiten en memmen) hoege neat te beteljen :-). Moai no? Oftewol, graach oant snein!

Sfeerfoto/actiefoto van het gezelligheidstafeltennis op zondagmiddag.
Sneintemiddeitafeltennis yn De Tysker, de tredde edysje.

In moaie opkomst fan fjirtjin minsken diene fannemiddei mei oan de tredde edysje fan it Sneintemiddeitafeltennis yn De Tysker, in moai oantal! Tretjin kamen efter de tafels yn aksje en ientsje – in beppe – siet gesellich oan de stamtafel mei de tafeltennissers dy’t sa no en dan pauze hiene oan deselde stamtafel. De sfear sa’t it ek de bedoeling is fan fannemiddei. Sporte/bewege en even gesellich sitte.

Fiif jongeren fan plusminus tsien oant 18 jier diene mei, sân folwoeksenen en ien ‘pensionado’ dy’t it ek hearlik fûn sa no en dan te tafeltennisje en sa no en dan even ‘chille’ oan de stamtafel.

It liket derop dat dit in fêst plak op de kalinder krijen giet, as de animo sa moai bliuwt! De tafeltennisklup hat sân tafels, dus der kinne hiel wat minsken sa sneins even in baltsje slein en in bakje kofje, wyntsje, pilske, friske derby nimme mei freonen as famylje.

Hâld dizze website goed yn de gaten en ús Facebook pagina, want dêrop ferskynt eltse wike as it sneintemiddetafeltennis foar jong en âld yn de sfeerfolle Tysker trochgiet.

Noflike jûn, noflike dei en graach….. oant sjen!

Morgenmiddag weer Zondagmiddagtafeltennis bij MTV’14: Tafeltennissen op de sportvloer en tussendoor chillen aan de stamtafel met een kopje koffie of iets anders. Vanaf 13.00 uur tot plusminus 16.00 uur.

Voor kinderen, ouders, opa’s en oma’s, MTV’ers, niet-MTV’ers, competitiespelers: neem familie, vrienden en bekenden mee, er zijn batjes en ballen genoeg op voorraad, we hebben zeven tafels ter beschikking. Nivo niet vereist, plezier staat voorop, gezellig een middagje leuk en lekker in beweging. Kost 2,50 euro per persoon ivm zaalhuur.

Graag tot ziens in de sfeervolle MFC De Tysker in Eassterwierrum! Graag even aanmelden vooraf in verband met het aantal klaar te zetten tafels. Oant dan, tot dan!

Fan 13.00 oere ôf geane wy moarn 13 jannewaris wer los mei lekker tafeltennisje op de sneintemiddei, foar jong en âld, MTV’er as net MTV’er: eltsenien is wolkom. Fan rekreative pingponger oant fanatike beswitte wedstryd tafeltennissers: foar eltsenien is plak!

De bar is fansels ek iepen en foar 50 sint hest al in lekker bakje kofje as thee derby, wat wolst noch mear :-). Meidwaan kosset 2,50 euro per persoan – foar de sealhier – en wat der oerbliuwt is foar de klup om wer nije dingen as baltsjes en omheinings foar te keapjen.

Foar dyjinne dy’t sels net in batsje het: dêr hawwe wy genôch fan op foarrie. Noflik wykein en……… graach….. oant sjen!