Post Tagged ‘snein’

It wie in moai groepke fannemiddei by it fry spyljen yn De Tysker. Fiif bern en acht folwoeksenen út Fryslan en foarhinne Bulgarije wiene lekker sportyf dwaande mei de tafeltennissport.

Fan wedstrydnivo oant begjinners: elts nivo wie der en it gie der gesellich en sportyf oan ta. Foto’s binne der net makke want de ferslachjouwer wie drok mei sels tafeltennisje.

Wol kinne wy sizze dat heechstwarskynlik kommende snein der wer tafeltennisse wurdt fan 13.00 oant 16.00 oere. Hâld ús website en Facebookpagina goed yn de gaten de kommende wike!

Jawis, fansels, it giet oan, it sil wêze, wy geane wer los: snein is der wer sneintemiddeitafeltennis, fan 13.00 oant 16.00 oere yn MFC De Tysker. Eltsenien is wolkom, fan rekreant oant kompetysjespiler. De bar is ek iepen, foar in bakje kofje of wat oars, batsjes en baltsjes lizze ek wer klear.

Foar 2,50 euro per persoan kinst wer meidwaan. Eltsenien fan pak’m beet fiif jier oant 95 is fan herte wolkom! Sikest in moaie sneintemiddeibesteding, foar dysels, dyn gesin, freonen of famylje: kom lâns!

Wy hawwe sân tafels, dus plak genôch om lekker te balje. En oan de stamtafel kinst even noflik bykomme, byprate en relaxe. Sjen is fergees, taskôgers (pakes en beppes, heiten en memmen) hoege neat te beteljen :-). Moai no? Oftewol, graach oant snein!

Sfeerfoto/actiefoto van het gezelligheidstafeltennis op zondagmiddag.
Sneintemiddeitafeltennis yn De Tysker, de tredde edysje.

In moaie opkomst fan fjirtjin minsken diene fannemiddei mei oan de tredde edysje fan it Sneintemiddeitafeltennis yn De Tysker, in moai oantal! Tretjin kamen efter de tafels yn aksje en ientsje – in beppe – siet gesellich oan de stamtafel mei de tafeltennissers dy’t sa no en dan pauze hiene oan deselde stamtafel. De sfear sa’t it ek de bedoeling is fan fannemiddei. Sporte/bewege en even gesellich sitte.

Fiif jongeren fan plusminus tsien oant 18 jier diene mei, sân folwoeksenen en ien ‘pensionado’ dy’t it ek hearlik fûn sa no en dan te tafeltennisje en sa no en dan even ‘chille’ oan de stamtafel.

It liket derop dat dit in fêst plak op de kalinder krijen giet, as de animo sa moai bliuwt! De tafeltennisklup hat sân tafels, dus der kinne hiel wat minsken sa sneins even in baltsje slein en in bakje kofje, wyntsje, pilske, friske derby nimme mei freonen as famylje.

Hâld dizze website goed yn de gaten en ús Facebook pagina, want dêrop ferskynt eltse wike as it sneintemiddetafeltennis foar jong en âld yn de sfeerfolle Tysker trochgiet.

Noflike jûn, noflike dei en graach….. oant sjen!

Fan 13.00 oere ôf geane wy moarn 13 jannewaris wer los mei lekker tafeltennisje op de sneintemiddei, foar jong en âld, MTV’er as net MTV’er: eltsenien is wolkom. Fan rekreative pingponger oant fanatike beswitte wedstryd tafeltennissers: foar eltsenien is plak!

De bar is fansels ek iepen en foar 50 sint hest al in lekker bakje kofje as thee derby, wat wolst noch mear :-). Meidwaan kosset 2,50 euro per persoan – foar de sealhier – en wat der oerbliuwt is foar de klup om wer nije dingen as baltsjes en omheinings foar te keapjen.

Foar dyjinne dy’t sels net in batsje het: dêr hawwe wy genôch fan op foarrie. Noflik wykein en……… graach….. oant sjen!