Post Tagged ‘pong’

It ienneilêste duel fan dizze nijjierskompetysje is op in nederlaach útdraaid foar ús earste team, tsjin de kampioen Emmen 1. Emmen wûn sneon yn Easterwierrum mei 4-6 en hat kommend wykein yn de wedstryd mei De Treffers 2 (Klazienaveen) oan trije puntsjes (fan de maksimale tsien) genôch foar de titel.

Emmen liet sjen oer in brede basis te beskikke, want mei twa ynfallers út team twa – fan itselde nivo sa net heger as team ien – wiene sy krekt te sterk foar ús team dat sjen liet in minder brede basis te hawwen. By ús ûntbruts Steven Pieter IJkema en hoewol Lennart Jansen focht foar wat hy koe om itselde nivo te heljen, koe hy it net bolwurkje.

Johan Vogelzang pakte twa oerwinnings en moast tastien dat ynfaller Cees Bults yn fiif games krekt de oerwinning foar syn noas weikaapte. Johan wûn mei Kiril Nedelchev – ús Bulgaarske troef – it dûbelspul tûk en flitsend yn trije games tsjin Cees en fêste earste teamspiler Fleur Hoogeveen.

Kiril startte de middei foartreflik mei in oerwinning op Harrie Hoogeveen, dêrnei de winst yn it dûbelspul mei Johan, mar dernei rân it stroever, ferlear hy yn in moaie spannende op en del geande partij fan Cees Bults yn de maksimale fiif games. Tsjin youngster en hardhitter Fleur wie de koek op, sy beukte fierstente hurd troch syn spul hinne.

Ûndanks de teloarstelling fan it ferlies fan de kampioenswedstryd meie wy dochs tige tefreden wêze oer dit seizoen, want alle fiif spilers fan ús team hawwe harren dit seizoen ferbettere qua nivo. Hânhavening wie earst it grutte doel, wat geandewei bysteld wurde koe.

It is moai om te sjen dat bygelyks de 19-jierrige Lennert Keuning yn syn earste kompetysje op dit nivo – twa klassen heger as foarich jier – in moaie 33% winstskore pakte én foar it earst de grins fan 1300 elo-punten oergean is!!

Routiniers Kiril Nedelchev, Lennart Jansen, Steven IJkema en Johan Vogelzang ferbetterden harren elo-rating dizze kompetysje ek, dus dat is fansels geweldich foar ús lytse fanatike klupke.

Kommende woansdeitejûn moat team twa 7 punten helje tsjin Delta Impuls 6 om it kampioenskip yn de fiifde klasse te beheljen, dus dy geane wy fansels ek wer oanmoedigje. Oant letterrrrrrr!

De sifers fan MTV’14 1 – Emmen 1:

Voor deze keer in de Nederlandse taal omdat ook mensen van andere tafeltennis verenigingen uit Friesland, Groningen, Drenthe, Noordoostpolder/Flevoland bij ons welkom zijn:

In juni, juli en augustus kun je bij ons namelijk elke woensdagavond tafeltennissen, van 20.00 tot 23.00 uur. Lekker sparren met onbekenden, bekenden, je favoriete spel onderhouden voordat de competitie in september weer begint.

Het speciale abonnement voor deze tafeltennisactie bedraagt 30 euro per persoon, waarmee je elke woensdagavond, drie maanden lang, drie uur per keer, in actie kunt komen. Veel van onze Noordelijke divisiespelers, afdelingsspelers en recreanten blijven in de zomer ook gewoon lekker doorballen.

Wil je ook meedoen? Meld je dan vóór woensdag 29 mei aan op voorzittermtv14@gmail.com of bel naar 058-2894432. We kunnen zeven tafeltennistafels in onze zaal plaatsen, dus ruimte genoeg 🙂 !!

Adres: MFC De Tysker, Skuorrehofwei 2A, Easterwierrum. Graag tot ziens!

Team 1 en 2 meitsje spannende tiden troch, want team 1 is troch it 7-3 ferlies yn Klazinaveen yn de gevarenzone foar degradaasje kaam út de Noardlike divyzje en team 2 is nei in 5-5 lykspul yn Bútenpost ynhelle troch de nije koprinner Burgum dy’t yn Aldegea mei 9-1 wûn.

Team 1 moat kommende sneon tsjin konkurrint Hou Tafel yn Coevorden oan de bak om punten feilich te stelle. Hou Tafel spilet de jûns fantefoaren noch yn ynhaalwedstryd tsjin Klazinaveen en normaal sprutsen helje beide teams ús MTV’ers dan yn en steane wy op it fiifde (degradaasje)plakje.

Yn Klazinaveen wûnen Steven en Johan beide mar ien inkelspul, wylst sy de foarige kear 3 en 2 wûnen… Sy wûnen beide fan Annemarie Zijnstra – op it nipperke – en yn fjoiwer games wûnen sy ek it dûbelspul. In ferrassend sterke Wybren van Duinen wûn no fan beide, wylst Wybren yn Easterwierrum noch fan ûs beide mannen ferlen hie.

Jeugdspiler Frank Duinisveld liet ús mannen ek kânsleas. Gert-Jan Los siket noch nei de foarm en de júste rubberkombinaasjes, hie ien spannende wedstryd, mar it soe samar kinne dat hy no de júste miks te pakken hat, Dêr geane wy foar 🙂 !

Team 2 spile mei 5-5 gelyk yn Butenpost. Willem Koopmans skoarede wer ‘âlderwets’. Sterk yn syn earste kompetysje ea en stiet noch hieltyd op hûndert persint winst. Ek diskear moasten de trije tsjinstanners deroan leauwe. Klasse Willem!

Dick van der Gulik en Anco Boersma diene fansels ek harren úterste bêst en wûnen beide fan ien tsjinstanner. De winst ynm it dûbelspul gong nei de thúsploech sadat in lykspul de einstân wie.

Kommende freed stiet de ûtwedstryd yn Burgum op it programma en sille ús mannen yn in streekrjocht duel mei de koprinner in efterstân fan twa punten/puntsjes ynhelje moatte om it koprinnerskip wer oer te nimmen. Dêrnei binne der noch twa wedstriden te spylen yn dy tige spannende klasse.

Leuke sneintemiddei tafeltennisse

Fannemiddei wie der ek wer in leuke tafeltennismiddei yn De Tysker, mei in groepke rekreative Easterwierrumers dat noch gjin lid fan ús klup is en in pear gesellige die-hard-tafeltennissers fan MTV’14 en dat ius ek presys de bedoiel;ing fan dizze middei wêr eltsenien meidwaan mei om even lekker te bewege, sporte, derút, gesellich ensafuorthinne dwaande te wêze. Oare wike snein dus mar….. wer 🙂 !

Steven Pieter justerjûn yn aksje yn MFC It Joo yn Aldegea.

Trije MTV’ers diene justerjûn mei oan de Iepen Aldegeaster tafeltenniskampioenskippen yn MFC It Joo yn Aldegea Súdwest. Steven Pieter is dêr tredde wurden yn de B-klasse. Hy waard poulewinner en ferlear yn de heale finale fan Noardlik divysjespiler Douwe Reitsma fan FTTC út Frjentsjer.

Steven wie yn de poule earste wurden troch oerwinnings op Maartje Veenhoven (Idefix), Jan Ale Maat (ODI), Edwin Hazelaar (YOS) en Joost J. de Klein tsjinwurdich fan Huizen.

Teamgenoat Gert-Jan Los waard yn de poule fan Douwe tredde efter Douwe en Eelke Cramer fan organisearjende feriening ODI. Eelke spilet kompetysje yn Grins foar Noardlik divysjeklup Idefix. Omt Gert-Jan fan Noardlike spiler Rolf van Essen fan Bútenpost wûn en tsjin Eelke en Douwe games wûn en it harren dreech makke, seach hy werom op in tige slagge toernoai. Eelke wûn de B-klasse troch fan Douwe te winne.

Kevin Koster fan it twadde team die yn in legere klasse wer in protte ûnderfining op, yn syn earste offisjele toernoai bûten ús eigen klup om. Hy kaam net ta oerwinnings mar wol wer ta in protte nije yndrukken.

De race om it kampioenskip yn de earste klasse B giet foarlopich noch troch, want sawol Delta Impuls 2 as ús MTV14 1 hat dit wykein mei 8-2 wûn. Ús MTV’ers diene dat thûs yn De Tysker, sneontemiddei tsjin de buorren fan YOS út Ysbrechtum.

Wedstrydbriefke MTV14 – YOS

Lennart Janssen debuteare kundig, keurig en degelijk en wûn syn trije inkelspullen. De Drachtster spile konsintreard en ferdedigde wêr dat koe en foel oan wêr dat moast. Yn kombinaasje mei syn noppen-rubber oan de iene kant en it stroeve rubber oan de oare kant wie dat tefolle fan it goede foar de opponinten.

Johan Vogelzang wûn ek trije, mar moast der wat mear muoite foar dwaan. Sawol tsjin Levy Blauw, Edwin Hazelaar en Jan Wierda ferlear hy de earste game. Dêrnei kaam syn ferdedigjende wurk mei twa stroeve rubbers better op gang en koe hy de oerwinnings byskriuwe.

Gert-Jan Los kaam mei syn allround oanfallend en ferdedigjend spul mei twa stroeve rubbers ta ien oerwinning yn it inkelspul, tsjin Levy Blauw. Fan sawol Edwin Hazelaar as Jan Wierda ferlear hy op it úterste nipperke yn fiif games. Tsjin Jan mar leafst mei 10-12 yn de fiifde game en tsjin Edwin mei 7-11 yn de fiifde. Tegeare mei Johan wûn Gert-Jan it dûbelspul ek, yn fjouwer games tsjin Jan en Levy.

De foarsprong op Delta Impuls bliuwt sa in moaie seis punten. Dat is noch net genôch om wis te wêze, der moat de kommende fiif wedstriden net ferslappe wurde. Kommende freed yn Dokkum. Hatsekidee!

Fannemiddei om 14.00 oere begjint de derby mei de tafeltennissers fan YOS út Ysbrechtum, by ús yn MFC De Tysker, yn de earste klasse fan Fryslân. Ús earste sil der alles oan dwaan om koprinner yn dizze klasse te bliuwen. Justerjûn kamen tafeltenissers út Wolvegea op besite: it twadde team fan De Griffioen tsjin ús twadde. Dat waard 9-1 foar de besikers.

De statistiken fan it duel yn de fjirde klasse D litte sjen dat de 9-1 flatteard wie, want wy ferlearen trije fan de tsien wedstriden oer de maksimale fiif games. Sa gong dat mei it dûbelspul fan Dick vd Gulik en Haiko Rutten, mei Dick syn inkelpsul tsjin Geert Bergsma en Haiko syn wedstryd tsjin deselde Geert.

Kevin Koster spile ien duel oer fjouwer games en in hiele spannende oer trije. Dat duel wie tsjin Wim Zijlstra. Kevin tafeltennist noch mar sûnt maart dit jier, dus yn dat ljocht besjoen in geweldige prestaasje.

Ús earste team sil fannemiddei oan de bak tysjin de buorren fan Ysbrechtum. De Ysbrechtumers striide foar liifsbehâld en de MTV’ers foar it kampioenskip en de foarige kear yn Ysbrechtum waard it 9-1 foar ús. Wy geane derfoar dat te werhelje en foaral ek moaie wedstriden te spylje. Oant letterrrrr!

De nije tenues mei shirtsponsor Iepie Lindeboom – Hospes derop sieten geweldich en motifearden ús tafeltennissers ekstra om in moai risseltaat del te setten tsjin ttv Drachten 1, justerjûn. It waard in moaie 7-3 oerwinning yn ús eigen MFC De Tysker. MTV’14 stiet healwei de nijjierskompetysje moai boppe-oan yn de earste klasse fan Fryslân, mei seis punten foar op konkurrint Delta Impuls 2.

Steven IJkema en Johan Vogelzang wûnen beide harren trije inkelspullen. Foaral Steven liet sjen de lêste tiid wer oan skerpte wûn te hawwen want hy stie foaral yn syn twadde en tredde inkelspul wer âlderwets te beuken mei syn forehand. Hy moast der yn syn earste duel fan de jûn noch wat ynkomme en ek it dûbelspul gong in bytsje dreech, mar doe’t hy ien kear los kaam wie der gjin hâlden oan.

It dûbelspul wie de iennige teloarstelling fan de jûn, dy gong mei 10-12 en in kantbal as lêste punt nei de opponenten. Beide duo’s wiene taai en ferskil siet der eins net kwa nivo, it wie in moaie taaie drege pot mei oanfallend en ferdedigend spul, alles siet deryn.

Johan kaam yn syn inkelspullen nauwelijks yn problemen, al wie syn duel mei Henk Kuit super dreech. Twa ferdedigers tsjin elkoar binne altyd aparte wedstriden. Foarich jier wûn Henk noch fan Johan, mar Johan hie der fan leard en syn taktyk doeltreffend oanpasse.

Gert-Jan Los ferkocht syn hûd ek dreech en pakte in oerwinning op Henk yn fjouwer games. Tsjin Erwin wûn hy de earste game, stie yn de twadde op winst mar ferlear krekt en doe hie Erwin de oanfallende smaak te pakken en beukte hy mear raak dan Gert-Jan keare koe. Milo wie in maatsje te grut foar ûs Ljouwerter yn Easterwierrumer tsjinst, de Drachtster stie wol wer hiel hurd en ûnhâldber te topspinne.

It beste tafeltennisteam fan de stêd Ljouwert – it earste team fan ttv Ready – komt sneontemiddei op besite yn de grutte seal fan De Tysker, om tsjin ús earste team yn aksje te komen. Om 14.00 oere giet dat los!

Aksjefoto fan it duel tusken tafeltennisser Steven fan MTV’14 en Martijn fan Dokkum, earder dit jier.

Eltsenien is wolkom om de wedstriden te sjen, de bar is iepen, de kofje stiet klear, it fris stiet kâld en de wedstryd sil sa ûngefear oant 17.00/18.00 oere duorje, ôfhinklik fan hoe spannend de 10 duels binne (9 inkelspul, 1 dûbelspul) en at sy oer de koartste trije games geane as oer de maksimale fiif.

Ús MTV’ers binne koprinner yn de earste klasse en Ready hopet op liifsbehâld. Mei âld Frysk kampioen Harry vd Berg yn de gelederen stiet dy ploech noch altyd garant foar kwaliteit, dus dat giet in tal hiele moaie wedstriden opsmite.

MTV2 krijt freedtejûn in oar team ût Ljouwert op besite, nammentlik DOV 2. It twadde team fan dy klup wûn begjin septimber ek al fan ús twadde team en ús kompetysjedebutanten sille der alles oan dwaan om sjen te litten dat sy groeit binne kwa nivo de lêste tiid.

Freedtejûn fan 20.00 oere sil dat bliken dwaan mei moaie wedstriden yn de lytse seal fan De Tysker. It wurdt sawisa wer in moai tafeltenniswykein en graach…. oant sjen!

Zit onze voorzitter bij de tandarts, ziet hij in een modeblad ineens een pingpongset voor fashionista’s staan. Leuk! Ook misschien iets voor onze club, in het kader van de tafeltennissport modieus, chique en hip to the bone te maken. De prijs van het setje is nog wel een dingetje: 1500 euro 🙂 !

Zou dit de duurste ‘pingpongset’ ooit zijn?

Het is dan ook een echte Louis Vuitton, dan heb je ook echt twee tafeltennisbatjes in een hip reistasje met de mogelijkheid om ook nog eens vier tafeltennisballetjes mee te nemen op je reis. Even googlen levert op de Amerikaanse Louis Vuitton-website een bedrag van 2200 American dollar op en iets meer informatie, zij het summier over dit fashionable setje. Check https://us.louisvuitton.com/eng-us/products/ping-pong-set-james-monogram-eclipse-nvprod710080v

Hoe de kwaliteit van het rubber is, hoeveel snelheid het aan de bal geeft, hoeveel effect je ermee kunt maken, uit hoeveel houtlagen het frame bestaat, of er carbonlaagjes of laagjes kevlar in zijn verwerkt, notenhout of balsahout, vermeld de hipster-site helaas niet 😦

Zou dit het duurste tafeltennissetje ooit zijn? Onze voorzitter denkt van wel! Wie het tegendeel kan bewijzen mag zich gaarne melden. Zijn batjes uit zijn eigen tafeltenniswinkelwebshop steken er qua prijzen schril tegen af, op: https://www.facebook.com/nextgenerationtabletennis.eu/ en toch zijn die Pistol Rackets toch ook top off the bill en de nieuwste sensatie. We moeten maar eens contact zoeken met Louis, of setjes van 1500 euro goed verkopen. Als hij net zo’n jasje van hip canvas om de Pistol Rackets kan modelleren, kan onze allerliefst voorzitter prima leven met de helft van 1500 euro als opbrengst. Samen delen, elk de helft, is wel zo eerlijk toch?

Hartelijke groet,
de voorzitter

De slotwedstryd fan de kompetysje hawwe wy freedtejûn mei 7-3 wûn, yn MFC De Tysker, tsjin ttv Anja 1 út Twijzelerheide. It wie de allerlêste wedstryd fan dy klup, want dy hâld op te bestean. De leden fan de klup dy’t noch oer binne ferspreide harren oer oare fernienings lykas Dokkum en Drachten.

Wy wiene al wis fan it twadde plak yn de earste klass fan Fryslân en ttv Anja wie al wis fan degradaasje út de earste klasse. Dus hawwe wy der in gesellige jûn fan makke, mei sa goed mooglik tafeltennisje yn kombinaasje mei gesellichheid. Yn en om De Tysker wiene ek noch keatsers aktyf en it musykkorps oefene en wy hiene sels ús eigen treningsjûn der ek noch by mei rekreative spilers, dus it wie in gesellige drokke boel.

Steven Pieter en Johan wûnen beide harren trije inkelspullen en slúte dêrtroch beide it seizoen ôf mei in moaie individuele skore fan 25 winstpartijen út 30 duels. Boppedat wûnen sy tegearre njoggen fan de tsien dûbelspullen, sadwaande kamen sy op 59 punten en dat is eksakt it teamoantal wêrmei sy twadde wurden binne yn de earste klasse. Tsjin ttv Anja kamen beide mannen ek net echt yn de problemen, dus hawwe sy der in moaie wedstryd fan makke mei leuke rallies.

Anco koe woansdei net in wedstryd winne, mar kaam hieltyd yn de tredde en lêste game opsetten en pakte syn puntsjes mei. Hy wurd hieltyd in bytsje better. It nivo yn de earste klasse is noch wat te heech, dêrom is it moai dat hy it oare jier yn it twadde team spylje kin in pear klassen leger, om ek ris wat winne te kinnen.

Dat jild ek foar Haiko en Dick, dy dit seizoen ek neat wûn hawwe. Foar harren is it kommend seizoen it twadde team ek in moaie reden om ris wat winne te kinnen en yn elts gefal potten spylje te kinne wêr it om giet. Haiko hie dit seizoen ien wedstryd oer de maksimale fiif games, mar de taaie en tûke Richard Dijkhoff fan Frentsjer wie him dochs krekt te fluch ôf.

It is de bedoeling dat ús tafeltennisklup kommend seizoen fan septimber ôf mei twa kompetysjeteams yn aksje komt, dan kinne Anco, Haiko en Dick en in pear oaren ek lekker oan de bak. Wy trene de moanne maaie noch troch en slúte ôf mei klupkampioenskippen én in barbeque fansels 🙂 !