Post Tagged ‘familie’

Eltsenien is kommende sneintemiddei fan 13.00 oant 16.00 oere wer wolkom om te komme tafeltennisje yn De Tysker. De bar is ek wer iepen mei kofje, thee as wat frissigs, de stamtafel stiet klear en batsjes en baltsjes tafels steane ek wer kleasr en opsteld.

Eltsenien fan fiif oant 95 (…..) is foar 2,50 euro per persoan wer wis fan trije oeren lekker bewege/sporte. Mei tiid foar in pauze oan in taffeltsje tuskentroch om by te praten mei oare minsken. Taskôgers binne fergees, dus heiten en memmen en pake’s en beppes fan bern binne ek wolkom.

In noflike aktive sneintemiddei, dat is it doel fan MTV’14. Foar eltsenien fan elts nivo, fan rekreant oant wedstrydspiler. Dêrom hawwe wy ek sân tafeltennistafels, dan kinne der in protte meidwaan!

Foarige wike wiene der bygelyks fiif bern fan ûnder de tsien jier, ek foar bern dogge wy de doarren graach iepen. Ek tafeltennissers fan oare klups binne fansels tige hertlik wolkom. Eltsenien is by ús echt eltsenien. Ek rolstoelers kinne meidwaan, want drompels binne der net yn MFC De Tysker fan Easterwierrum. Oftewol, graach…. oant sjen!