Post Tagged ‘tafeltenisen’

De 8-2 oerwinning op provinsjegenoat Bútenpost 3 docht foar ús earste team noch altyd hoopje op mooglikheden om te promovere nei de Noardlike earste divysje. Mei noch fjouwer wedstriden te gean is de efterstân op koprinner Emmen 1 noch mar ien puntsje.

Steven Pieter IJkema wie sneon yn Bútenpost de grutte man mei trije oerwinnings yn it inkelspul en mei Johan Vogelzang de winst yn it dûbelspul. De 27-jierrige âld-Gasterlanner hat noch nea sa’n goed seizoen draaid en stiet mei 15 oerwinnings út 18 inkelspullen op in geweldige 83 % winstpersintaazje.

Steven en it bysûndere kado dat hy by Emmeloord ea krigen hat fan teamgenoat Patrick van Dijk: syn eigen roestfrijstielen tafeltennisbatsje.

Johan Vogelzang hat itselde persintaazje, ek 83 % mei 15 út 18. Tsjin Bútenpost moast hy helaas ien tsjinstanner lokwinskje: Joost Mulder stie geweldich oan te falle en sloech mei syn topspin en smash krekt tefolle gatsjes yn Johan syn ferdiegening: Joost wûn mei 11-9 yn de fjirde game. Fan Rolf van Essen en Rolf Smid wûn Johan wol.

Lennart Janssen wûn ek fan beide Rolfen. Tsjin de noppenferdiegener Smid die ús noppenman der fiif games oer om de winst binnen te heljen yn in moaie skaakpot, tsjin de Rolf van Van Essen gong it wat makliker yn trije. Tsjin Joost wie Lennart net opwoeksen, mar al mei al helle Lennart mei 2 oerwinnings dochs ek wer in moaie skore binnen.

It wie Lennart syn earste wedstryd noch mar dit seizoen, mar de ervaren rot hat net folle wedstriden nedich om yn it goede ritme te komen. Hy treent wol eltse wike dus de fêsthyd sit altyd wol yn syn spul.

Omdat ook tafeltennissers van buiten onze vereniging welkom zijn, zetten we de data van de woensdagavonden van ons Zomeravondtafeltennis van 2019 hieronder overzichtelijk op een rij. We beginnen altijd om 20.00 uur met omkleden en het opzetten van de tafels. Meedoen kost 2,50 euro per keer per persoon.

We hebben deze zomer tien avonden te beschikking. Woensdag 5 juni is net geweest, met een mooie opkomst en twee voormalige tafeltennissers die het zo leuk vonden na resepectievelijk 8 en 12 jaar niet getafeltennist te hebben, dat ze bijna niet achter de tafel vandaan waren te slaan. Goed teken 🙂 Zij zijn er volgende week dus weer. Mooi!

Woensdag 12 juni beginnen we ook weer om 20.00 uur. De woensdagen 19 en 26 juni zit er een andere huurder in en kunnen wij er niet terecht. Woensdagen 3 en 10 juli wel, 17 juli niet en van 24 juli tot en met woensdag 28 augustus wél!

De data:
Woe 12 juni WEL
Woe 19 juni NIET
Woe 26 juni NIET
Woe 3 juli WEL
Woe 10 juli WEL
Woe 17 juli NIET
Woe 24 juli WEL
Woe 31 juli WEL
Woe 7 aug WEL
Woe 14 aug WEL
Woe 21 aug WEL
Woe 28 aug WEL

We hebben inmiddels een goede basis aan tafeltennissers voor deze woensdagavonden, dus iedereen die mee wil doen hoeft zich niet meer aan te melden maar kan gewoon aan komen waaien. Graag tot ziens, oant sjen en een fijne zomer toegewenst!

Voor deze keer in de Nederlandse taal omdat ook mensen van andere tafeltennis verenigingen uit Friesland, Groningen, Drenthe, Noordoostpolder/Flevoland bij ons welkom zijn:

In juni, juli en augustus kun je bij ons namelijk elke woensdagavond tafeltennissen, van 20.00 tot 23.00 uur. Lekker sparren met onbekenden, bekenden, je favoriete spel onderhouden voordat de competitie in september weer begint.

Het speciale abonnement voor deze tafeltennisactie bedraagt 30 euro per persoon, waarmee je elke woensdagavond, drie maanden lang, drie uur per keer, in actie kunt komen. Veel van onze Noordelijke divisiespelers, afdelingsspelers en recreanten blijven in de zomer ook gewoon lekker doorballen.

Wil je ook meedoen? Meld je dan vóór woensdag 29 mei aan op voorzittermtv14@gmail.com of bel naar 058-2894432. We kunnen zeven tafeltennistafels in onze zaal plaatsen, dus ruimte genoeg 🙂 !!

Adres: MFC De Tysker, Skuorrehofwei 2A, Easterwierrum. Graag tot ziens!

De kommende twa wiken wurde tige spannende foar ús beide teams, want it earste stiet op gamesaldo krekt op it feilige fjirde stek yn de Noardlike twadde divyzje en ús twadde team stiet eksakt gelyk mei Burgum 2 oan kop yn de fiifde klasse fan Fryslân. Beide teams hawwe noch twa thúswedstriden te gean foar it einde fan de kompetysje.

Team 1 wûn fan directe konkurrint Hou Tafel yn Coevorden, mei 4-6 en kaam dêrtroch presys op gelyke hichte mei de Drinten. De kommende twa wiken sille útwize moatte wa’t de measte punten pakt en yn dizze klasse bliuwe mei.

Steven Pieter IJkema wie sneon yn Coevorden geweldich op dreef op syn 27-ste jierdei, hy makke der in moai tafeltennisfeest fan en trakteerde syn tsjinstanners net op taart mar op ferliespartijen. Nei de tiid makke hy it goed mei in pear pilskes.

Tegearre mei Johan Vogelzang wûn hy ek it dûbelspul, tsjin Annibal Lopez en Jonathan Bosma. Johan wûn twa wedstriden, fan Annibal en Nick Schalen, mar ferslikte him yn de sterke forehandtopspin fan Jonathan.

Gert-Jan Los sit hieltyd tichterby in oerwinning, mar koe it sneon net foar elkoar krije. Om in foarbyld te neame: Annibal wûn mei 12-10, 11-9 en 11-8. Dan bist net fuortspile mar komst krekt te koart, al tinke wy dat der mei in pear taktiske feroarings noch wol ear te beheljen falt yn de takomst.

MTV’14 2 wûn freed it streekrjochte duel mei koprinner Burgum 2, mei 4-6 en beide ploegen steane no eksakt gelyk oan kop. De gamestanden moatte noch ûtrekkene wurde om te sjen wa’t de measte kâns hat.

Willem Koopmans en Brendan Bosschieter wiene tige op dreef en wûnen fan al harren trije tsjinstanners. Willem hat al syn wedstriden noch wûn yn syn debútkompetysje en Brendan hat yn syn debutkompetysje noch mar ien potsje ferlen. Geweldige risseltaten dus!

Anco Boersma slagge it yn Burgum net om in oerwinning oan it totaal ta te foegen. Yn it dûbelspul mei Willem slagge it hium ek krekt net, mei 13-11 yn de fjirde game gong de winst tige nipt nei de Burgumers. Ús twadde team sil de kommende twa wiken oan de bak moatte om it kampioenskip binnen te heljen, it soe geweldich wêze as dat slagget!

Ús earste en ús twadde team hawwe beide harren útwedstryd wûn. Freedtejûn wûn MTV’14 2 yn Aldegea fan ODI 4 mei 7-3 en MTV’14 1 fersloech sneon FTTC 2 yn Frentsjer mei 8-2.

It earste klom dêrmei fan it fiifde (degradaasje) plak nei it foarlopich feilige tredde plak yn de Noardlike twadde divyzje. Concurrent Hou Tafel hat noch in wedstryd tegoed tsjin koprinner Midstars, ôfhinklik dêrfan hâlde wy it tredde plak as ferlieze wy dat foarlopich. De foarjierskompetysje is no healwei en it kin noch alle kanten op yn dizze spannende kompetysje.

Steven IJkema en Johan Vogelzang wûnen yn Frentsjer hun trije inkelspullen en tegearre ek it dûbelspul. Gert-Jan Los pakte in wichtich puntsje tsjin ynfaller Berthil Witvoet. FTTC 2 bliuwt dêrtroch foarlopich op it ûnderste plak stean yn de Noardlike twadde divyzje.

Ús twadde wûn mei 7-3 yn Aldegea en dêr wiene it freedtejûn Willem Koopmans en Dick van der Gulik dy al hun trije inkelspullen wûnen. Kevin Koster pakte ek in wichtich punt mei. Willem en Kevin koene it dûbelspul krekt net winne.

MTV’14 2 stiet troch dizze oerwinning op it twadde plak yn de fiifde klasse fan Fryslân, mei mar twa puntsjer efter konkurrint Bergum 2. De kompetysje telt noch fiif wedstriden, dus ús team hat mei syn twa ferrassend sterke kompetysjedebutanten sels noch kâns op in super ferrassend kampioenskip. Wy hâlde jim dêroer graach op de hichte!

Hjirûnder de sifers:

Steven Pieter justerjûn yn aksje yn MFC It Joo yn Aldegea.

Trije MTV’ers diene justerjûn mei oan de Iepen Aldegeaster tafeltenniskampioenskippen yn MFC It Joo yn Aldegea Súdwest. Steven Pieter is dêr tredde wurden yn de B-klasse. Hy waard poulewinner en ferlear yn de heale finale fan Noardlik divysjespiler Douwe Reitsma fan FTTC út Frjentsjer.

Steven wie yn de poule earste wurden troch oerwinnings op Maartje Veenhoven (Idefix), Jan Ale Maat (ODI), Edwin Hazelaar (YOS) en Joost J. de Klein tsjinwurdich fan Huizen.

Teamgenoat Gert-Jan Los waard yn de poule fan Douwe tredde efter Douwe en Eelke Cramer fan organisearjende feriening ODI. Eelke spilet kompetysje yn Grins foar Noardlik divysjeklup Idefix. Omt Gert-Jan fan Noardlike spiler Rolf van Essen fan Bútenpost wûn en tsjin Eelke en Douwe games wûn en it harren dreech makke, seach hy werom op in tige slagge toernoai. Eelke wûn de B-klasse troch fan Douwe te winne.

Kevin Koster fan it twadde team die yn in legere klasse wer in protte ûnderfining op, yn syn earste offisjele toernoai bûten ús eigen klup om. Hy kaam net ta oerwinnings mar wol wer ta in protte nije yndrukken.