Trije MTV’ers diene justerjûn mei oan de Iepen Aldegeaster tafeltenniskampioenskippen yn MFC It Joo yn Aldegea Súdwest. Steven Pieter is dêr tredde wurden yn de B-klasse. Hy waard poulewinner en ferlear yn de heale finale fan Noardlik divysjespiler Douwe Reitsma fan FTTC út Frjentsjer.
Steven wie yn de poule earste wurden troch oerwinnings op Maartje Veenhoven (Idefix), Jan Ale Maat (ODI), Edwin Hazelaar (YOS) en Joost J. de Klein tsjinwurdich fan Huizen.
Teamgenoat Gert-Jan Los waard yn de poule fan Douwe tredde efter Douwe en Eelke Cramer fan organisearjende feriening ODI. Eelke spilet kompetysje yn Grins foar Noardlik divysjeklup Idefix. Omt Gert-Jan fan Noardlike spiler Rolf van Essen fan Bútenpost wûn en tsjin Eelke en Douwe games wûn en it harren dreech makke, seach hy werom op in tige slagge toernoai. Eelke wûn de B-klasse troch fan Douwe te winne.
Kevin Koster fan it twadde team die yn in legere klasse wer in protte ûnderfining op, yn syn earste offisjele toernoai bûten ús eigen klup om. Hy kaam net ta oerwinnings mar wol wer ta in protte nije yndrukken.