Moaie oerwinning mei ús nije sponsortenues :-) !

Geplaatst: 20 oktober 2018 in Nieuws
Tags:, , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , ,

De nije tenues mei shirtsponsor Iepie Lindeboom – Hospes derop sieten geweldich en motifearden ús tafeltennissers ekstra om in moai risseltaat del te setten tsjin ttv Drachten 1, justerjûn. It waard in moaie 7-3 oerwinning yn ús eigen MFC De Tysker. MTV’14 stiet healwei de nijjierskompetysje moai boppe-oan yn de earste klasse fan Fryslân, mei seis punten foar op konkurrint Delta Impuls 2.

Steven IJkema en Johan Vogelzang wûnen beide harren trije inkelspullen. Foaral Steven liet sjen de lêste tiid wer oan skerpte wûn te hawwen want hy stie foaral yn syn twadde en tredde inkelspul wer âlderwets te beuken mei syn forehand. Hy moast der yn syn earste duel fan de jûn noch wat ynkomme en ek it dûbelspul gong in bytsje dreech, mar doe’t hy ien kear los kaam wie der gjin hâlden oan.

It dûbelspul wie de iennige teloarstelling fan de jûn, dy gong mei 10-12 en in kantbal as lêste punt nei de opponenten. Beide duo’s wiene taai en ferskil siet der eins net kwa nivo, it wie in moaie taaie drege pot mei oanfallend en ferdedigend spul, alles siet deryn.

Johan kaam yn syn inkelspullen nauwelijks yn problemen, al wie syn duel mei Henk Kuit super dreech. Twa ferdedigers tsjin elkoar binne altyd aparte wedstriden. Foarich jier wûn Henk noch fan Johan, mar Johan hie der fan leard en syn taktyk doeltreffend oanpasse.

Gert-Jan Los ferkocht syn hûd ek dreech en pakte in oerwinning op Henk yn fjouwer games. Tsjin Erwin wûn hy de earste game, stie yn de twadde op winst mar ferlear krekt en doe hie Erwin de oanfallende smaak te pakken en beukte hy mear raak dan Gert-Jan keare koe. Milo wie in maatsje te grut foar ûs Ljouwerter yn Easterwierrumer tsjinst, de Drachtster stie wol wer hiel hurd en ûnhâldber te topspinne.

Plaats een reactie