Kommend wykein moaie wedstriden tsjin Ljouwerter tafeltennissers

Geplaatst: 9 oktober 2018 in Nieuws
Tags:, , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , ,

It beste tafeltennisteam fan de stêd Ljouwert – it earste team fan ttv Ready – komt sneontemiddei op besite yn de grutte seal fan De Tysker, om tsjin ús earste team yn aksje te komen. Om 14.00 oere giet dat los!

Aksjefoto fan it duel tusken tafeltennisser Steven fan MTV’14 en Martijn fan Dokkum, earder dit jier.

Eltsenien is wolkom om de wedstriden te sjen, de bar is iepen, de kofje stiet klear, it fris stiet kâld en de wedstryd sil sa ûngefear oant 17.00/18.00 oere duorje, ôfhinklik fan hoe spannend de 10 duels binne (9 inkelspul, 1 dûbelspul) en at sy oer de koartste trije games geane as oer de maksimale fiif.

Ús MTV’ers binne koprinner yn de earste klasse en Ready hopet op liifsbehâld. Mei âld Frysk kampioen Harry vd Berg yn de gelederen stiet dy ploech noch altyd garant foar kwaliteit, dus dat giet in tal hiele moaie wedstriden opsmite.

MTV2 krijt freedtejûn in oar team ût Ljouwert op besite, nammentlik DOV 2. It twadde team fan dy klup wûn begjin septimber ek al fan ús twadde team en ús kompetysjedebutanten sille der alles oan dwaan om sjen te litten dat sy groeit binne kwa nivo de lêste tiid.

Freedtejûn fan 20.00 oere sil dat bliken dwaan mei moaie wedstriden yn de lytse seal fan De Tysker. It wurdt sawisa wer in moai tafeltenniswykein en graach…. oant sjen!

Plaats een reactie